Jannick de Jong goed op WK

08 jun 2013 - 22:14
  • Jannick de Jong

Jannick de Jong is de searje wedstriden om de wrâldtitel op de langbaan goed begûn. Yn Forssa yn Finlân waard de Gordykster motorkoereur kreas tredde. De Jong wûn twa searjes, waard in kear twadde en twa kear tredde. Boppedat wûn er ien fan de heale finales. De winst yn de finale gong nei de Tsjech Josef Franc foar regearend kampioen en thúsrider Joonas Kylmäkorpi en Jannick de Jong. Dirk Fabriek en Theo Pijper hiene te min punten. Foar har siet it der nei de fiif searjes op. It WK bestiet út seis wedstriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)