Jannewietske de Vries (PvdA): "Rekke mar net ferslein"

07 apr 2015 - 22:01

"Rekke mar net ferslein". Mei dy wurden begûn listlûker Jannewietske de Vries fan de PvdA har bydrage tiisdeitejûn yn it provinsjale steatedebat oer de foarming fan it nije kolleezje. De Vries is bot rekke dat har partij bûten it nije kolleezje falt. De opsje CDA, VVD, SP en FNP wurdt troch de ynformateur as meast kânsryk sjoen.

Yn it debat sei Jannewietske de Vries dat de partij gjin blokkaden hie en dat it bûtensluten fan de PvdA 'ûnnedich' en 'ûnfertsjinne' is. Mei it debat kaam in ein oan de ynformaasje.

CDA, VVD, SP en FNP prate no ynhâldlik fierder en hoopje ynkoarten de plannen foar de kommende fjouwer jier te presintearjen. De 62-jierrige Geart Benedictus sil as formateur fan dit proses oan de slach.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)