Jannewietske de Vries oan de slach as direkteur Floriade BV

08 des 2015 - 16:49

Ald-deputearre Jannewietske de Vries is fan 1 jannewaris ôf de nije direkteur fan de Floriade BV. Dat bedriuw sil yn 2022 de wrâldtúnboutentoanstelling yn Almere organisearje.

De Vries ferlit nei 8 jier de provinsjale polityk. Tjerk Voigt is fan 16 desimber ôf har opfolger yn de PvdA-fraksje yn provinsjale steaten.

Neffens Floriade BV komt de ûnderfining fan De Vries by it binnenheljen fan KH 2018 yn Ljouwert goed fan pas. Floriade BV en De Vries wolle net reagearje. Se ferwize nei in parsekonferinsje letter dizze wike.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)