Jannewaris gjin Indoor Friesland

03 des 2004 - 10:00

It hynstespektakel Indoor Friesland giet net troch. It evenemint hie yn jannewaris holden wurde sillen, mar der is te min tiid om it goed te organisearjen. Dat soe dan te min kwaliteit hawwe en ek net folslein genôch wêze.

De hynstekeuring fan it Frysk Hynste Stamboek giet 20, 21 en 22 jannewaris wol troch. Yntusken wurdt fierder wurke oan in grutte hynsteshow dy't ein 2005, begjin 2006 plakfine moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)