Jannes werom nei seehûnekresj

03 jan 2005 - 12:31

Aldjiersploech 'de Geitefok' fan Aldeberkeap bringt moandei de houten seehûn Jannes werom nei Pieterburen. It houten byld wie dêr yn de nacht fan tongersdei op freed stellen, by wize fan âldjiersstunt. De houten seehûn hjit eins gjin Jannes, mar is troch de Geitefok sa neamd, nei it gedoch yn it ôfrûne jier mei de echte seehûn Hannes.

Leny 't Hart fan de seehûnekresj nimt om fjouwer oere it byld yn ûntfangst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)