Janneke Vellema yn Oranje

19 apr 2008 - 12:44

Be Ouick Dokkum-spylster Janneke Vellema is selektearre foar it Nederlânsk futsal team. De sealfuotbalsters fan Oranje spylje op 8 maaie in ynterlân yn Amsterdam tsjin Spanje. De 21-jierrige Dokkumse makket diel út fan in seleksje fan 20 spylsters.

Janneke Vellema spilet op it fjild foar Be Quick Dokkum en yn de seal foar futsal Hearrenfean/Level One.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)