Janneke de Boer wint Fryske ferhalewedstriid mei 'Rjochtdei'

26 mrt 2015 - 18:42
  • Janneke de Boer

Janneke de Boer is mei it ferhaal 'Rjochtdei' de winner wurden fan de Fryske ferhalewedstriid. Sjueryfoarsitter Abe de Vries makke de winner tongersdei bekend yn de útstjoering fan it TV-programma Bynt. It ferhaal fan De Boer, oer in âlde frou dy't troch herinnerings oan de oarlochstiid harsels tekoart dwaan wol, sil ferfilme wurde en is yn de earste wike fan juny te sjen yn Bynt. Der wiene mei-inoar 54 ynstjoerings.

De trije bêste ferhalen wurde de kommende sneonen publisearre yn it Friesch Dagblad.

De wedstryd waard organisearre troch it Skriuwersboun, yn de mande mei it Friesch Dagblad en Omrop Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)