Janna wint Liet Ynternasjonaal

20 nov 2011 - 08:48

De 22-jierrige Janna Eijer fan Jobbegea hat sneontejûn Liet Ynternasjonaal yn it Italiaanske Udine wûn. Mei it liet 'Ien Klap' krige Eijer de measte punten by it festival foar minderheidstalen. It is foar it earst dat in Fryske dielnimmer Liet Ynternasjonaal wint. It wie tige spannend, pas by de stimmen fan it lêste sjuerylid, Orla Sweeney út Ierlân, passearre Janna de band Silent Woo Gore út Udmurtië mei twa punten ferskil.

De publykspriis gie nei Coffeeshock Company. Dat is in groep út Eastenryk dy't yn it Kroatysk sjongt. It publyk koe fia ynternet punten jaan foar de publykspriis.Oan de achtste edysje fan Liet Ynternasjonaal diene dit jier njonken Janna Eijer noch alve bands yn alve oare minderheidstalen mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)