Janmaat yn basis Hearrenfean

01 maaie 2012 - 12:24

Daryl Janmaat begjint woansdeitejûn mei Sportklup Hearrenfean yn de basis tsjin FC Twente. De rjochterferdediger is wer klear nei syn knibbelblessuere en lytse yngreep. De lêste wedstriid fan Janmaat wie tsjin PSV foar de beker op 21 maart. Janmaat sjocht wol hoelang hy it folhâlde kin. De belangen yn Enschede bin grut. FC Twente is de nûmer seis mei 60 punten, SC Hearrenfean hat op it fiifde plak ien punt mear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)