Janmaat hat in ljiskblessuere

01 sep 2008 - 13:43

Daryl_Janmaat fan SC_Hearrenfean mist de kommende kwalifikaasjewedstriden fan Jong_Oranje. De ferdigener hat him by bûnscoach Foppe_de_Haan ôfmeld fanwege in blessuere oan ´e ljisk. Janmaat moast snein yn ´e útwedstriid tsjin Volendam mei in blessuere fan it fjild.

Jong_Oranje spilet freed yn Kerkrade tsjin Noarwegen. Op 9 septimber komt de ploech fan De_Haan út yn en tsjin Switserlân. De_Haan hat noch gjin ferfanger foar Janmaat oproppen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)