Jan Ybema wint Grut Frysk Diktee

20 maaie 2015 - 20:00
  • Alle priiswinners op in rige mei tredde fan links winner Jan Ybema
  • Switte yn de Steateseal op in eardere edysje fan it Grut Frysk Diktee
  • Korrektoaren sjogge it diktee nei yn de kofjekeamer

Jan Ybema fan Grins hat it Grut Frysk Diktee 2015 wûn dat yn de Steateseal fan it Provinsjehûs yn Ljouwert holden waard. Fan de 35 dielnimmers dy’t harren kwalifisearre hiene, kaam Jan Ybema mei 12 flaters as bêste út de bus.

It diktee waard skreaun troch skriuwer Ferdinand de Jong en foarlêzen troch Omrop Fryslân-presentatrise Karen Bies. De earste priis bestie út in ‘Gouden dakje’ en in pinne mei ynskripsje. Twadde en tredde wienen Jacob Krol fan Winsum en André Looijenga fan Grins mei respektyflik 12,5 en 13 flaters.

Ferdinand de Jong gie ûnder de titel ‘Ien foar it ôfwennen’ mei syn tekst yn op de oanpassing fan de stavering dy’t begjin dit jier ynfierd is. It wie wat in weemoedich diktee, mar de skriuwers hiene mear kânsen om it goed te dwaan, omdat sawol de nije as de eardere stavering – yn dit oergongsjier – goed rekkene waard. Wurden dy’t dreech wiene foar de dikteeskriuwers wiene kidelhoarnige (in âld wurd foar nitelich), Facebookberjochten (haadletter), facebooke (tiidwurd, mei lytse letter) en kedize (âld wurd: earne oer beslute).

Njonken de 35 kwalifisearre dielnimmers diene der ek in oantal bekende Friezen mei, lykas telefyzjekok Reitse Spanninga, sjongeressen Iris Kroes, Elske DeWall en Griet Wiersma, en Jannewietske de Vries en Lutz Jacobi út de polityk. Fan de bekende Friezen makke skriuwer Willem Schoorstra it diktee it bêste mei 13,5 flaters. Hy krige foar dy prestaasje it ‘Laaien dakje’.

De organisaasje fan it diktee lei yn hannen fan de Afûk, Cedin Expertisecentrum Meertaligheid, de Fryske Akademy en Omrop Fryslân. It diktee waard fan ’t jier foar de trettjinde kear hâlden; yn 2016 is der wer in edysje.

Sjoch hjir foar de tekst fan it Grut Frysk Diktee 2015.

Meiprate oer it diktee of oer de útstjoering kin op Twitter fia #diktee2015.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)