Jan Werle spilet remise

25 nov 2006 - 15:40

Jan Werle fan Beetstersweach hat yn de twadde wedstriid fan it Remco Heite- skaaktoernoai yn Wolvegea remise spile tsjin de Dútser Artur Yusupov. De earste wedstriid hie de skaker ferlern fan Jan Timman.

Loek van Wely is no de koprinner. Hy is de iennichste skaker dy't de earste twa wedstriden wûn hat. Timman, Hort en Yusupov hawwe ien punt. Werle en Hübner stean lêste mei in heale punt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)