Jan Vlap wurdt trainer fan VV Staphorst

26 nov 2015 - 22:29
  • Trainer Jan Vlap

Trainer Jan Vlap fan Snits is it kommend seizoen de haadtrainer fan sneonshaadklasser VV Staphorst. Op dit stuit is Vlap dwaande mei syn twadde seizoen as haadtrainer fan de Harkemase Boys. Earder waard al bekend dat er dêr fuortgean soe. Ferline seizoen wûn Vlap mei Harkemase Boys de distriktsbeker en grypte er krekt njonken it kampioenskip.

Staphorst is bliid mei de komst fan Jan Vlap en hopet mei him fierder te kommen yn de top fan it amateurfuotbal. Op dit stuit is Jan van Raalte fan De Harkema de trainer fan Staphorst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)