Jan Visser (FNP) út steaten om persoanlike redenen

17 nov 2014 - 16:57
  • Jan Visser

FNP Steatelid Jan Visser hat om persoanlike redenen besletten om per direkt in punt te setten efter it Steatelidmaatskip. Dat makke de partij moandei bekend. Visser is ek net mear beskikber foar in nije perioade.

Jan Visser stimde earder dit jier tsjin it produsearjen fan 530,5 megawatt oan wynenerzjy yn de provinsje. De FNP wie ek tsjin, mar stimde foar wynenerzjy omdat de partij oars benaud is dat it Ryk bepaalt wêr't de wynmûnen yn Fryslân komme sille.

Anna Martha van der Mei nimt it plak fan Visser oer en wurdt dêrmei ferantwurdlik foar de Romtelike Oardering, Wenjen, Mynbousaken en Wetterbelied. Van der Mei wie fan 2011 oant 2012 al earder Steatelid en wie dêrfoar wethâlder foar de FNP.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)