Jan Venhuizen wint Mar-athon Snits yn nij parkoersrekôr

20 jun 2015 - 23:42
  • Winner Jan Venhuizen

De twadde edysje fan de Mar-athon fan Snits is wûn troch Jan Venhuizen. De 46-jierrige atleet út Smilde kaam nei 2 oeren, 35 minuten en 30 tellen oer de finish. Dêrmei wie hy hast 2 minuten flugger as it parkoersrekôr fan Peter Bruinsma, dy't no tredde waard yn 2.41.59. Bêste Fries waard Harry Wiersma fan Blije. Dy pakte it sulver yn 2.40.52.

By de froulju gie de titel ek mei in rekôr nei Kristin Jonvik yn 3.06.27. Sy helle yn de lêste kilometers de winnares fan ferline jier Ylona Kruis fan Ysbrechtum yn, dy't yn 3.08.38 twadde waard.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)