Jan Smit dielt cd's út yn Snits

14 sep 2006 - 15:24

Sjonger Jan Smit wie tongersdei foar in koarte besite yn Snits. De populêre sjonger fan it Nederlânsktalige liet wie yn it Antoniussiekhûs. Dêr dielde er syn nije cd út oan sike bern.

Smit kaam mei de helikopter, want hy hie in fol programma. Hy moast op deselde dei yn acht plakken yn hiel Nederlân wêze en noch trije optredens fersoargje. Smit is ferneamd as sjonger, hat in eigen kleanlijn en in real life soap op televyzje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)