Jan Smeekens wint 500 meter

27 des 2009 - 15:51
  • Jan Smeekens (foto: KNSB)

Jan Smeekens hat it einklassemint fan de beide 500 meters op it Olympysk kwalifikaasjetoernoai op Thialf wûn. De tsjintwurdich yn Snits wenjende sprinter wûn de earste 500 meter yn 35,03. Op de twadde waard er yn 35,16 twadde. Syn ploechmaat Simon Kuipers, ynwenner fan It Hearrenfean, wûn yn 35.08.

Smeekens liket no wis fan de 500 meter op it Olympysk toernoai yn Vancouver. Simon Kuipers moat him op it OKT noch bewize op de 1000 en 1500 meter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)