Jan Smeekens rydt Ned. rekôr

21 jan 2012 - 22:23

Jan Smeekens hat by de wrâldbekerwedstriden yn Salt Lake City in nij Nederlânsk rekôr riden op de 500 meter. De ynwenner fan Snits ried 34.40. It âlde rekôr wie yn hannen fan Ronald Mulder mei 34.52, riden op 4 desimber 2009 yn Calgary. Smeekens waard mei syn nije toptiid gjin winner. Hy einige achter de Japanner Keiichiro Nagashima as twadde. De winnende tiid: 34.37. De Amerikaan Tucker Fredricks waard tredde yn 34.45.

By de froulju gong de winst nei Sang-Hwa Lee fan Súd-Koreä yn 37.36. Margot Boer waard sânde yn 37.69 en Thijsje Oenema njoggende yn 37.79.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)