Jan Smeekens achtste op twadde 500 meter op It Hearrenfean

13 des 2015 - 16:58
  • Jan Smeekens

Jan Smeekens fan Snits is snein achtste wurden op de twadde 500 meter by de wrâldbekerwedstriden op it nije iis fan Thialf. Smeekens klokte in tiid fan 34.98. De winst gong ferrassend nei de Rus Ruslan Murashov, dy't de tiid stil sette op 34.67. It sulver wie foar de Kanadees Alex Boisvert-Lacroix (34.76), dy't it yn de slotrit opnaam tsjin Pavel Kulizhinikov. De favoryt út Ruslân gong ûnderút yn de earste bocht en einige sadwaande as lêste. It tredde plak wie foar de Noar Espen Aarnes Hvammen mei 34.86.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)