Jan Riedstra (65) ferstoarn

21 maaie 2009 - 15:47
  • Jan Riedstra

De bekende Ljouwerter sakeman Jan Riedstra is tongersdeitemoarn yn syn hûs oan in hertoanfal ferstoarn. Riedstra wie neist súksesfol sakeman ek jierrenlang belutsen by Cambuur as bestjoerslid en jildsjitter.

In pear jier lyn hat er mei Buwalda, Hoekstra en Sleijfer de klup fan de ûndergong rêden. Koartlyn makke er bekend dat er him út Cambuur weromlûke woe. Riedstra is 65 jier wurden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)