Jan Pronk op tsjerkedei Snits

02 jun 2008 - 15:48

Foarsitter Jan_Pronk fan it Interkerkelijk Vredesberaad is kommende snein ien fan de sprekkers by de Fryske tsjerkedei yn Snits. De dei wurdt hâlden yn in tal tsjerklike gebouwen yn it sintrum fan de stêd.

Neist sprekkers trede dêr ek muzykgroepen op. It tema fan de dei is rinne op wetter. De tsjerkedei wurdt organisearre troch de Raad van Kerken Friesland, yn gearwurking mei it Kristlik Frysk Selskip dat 100 jier bestiet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)