Jan Ploeg nei VNO-NCW

16 jan 2007 - 17:59
  • Deputearre Jan Ploeg

Deputearre Jan Ploeg is beneamd ta bestjoerslid fan wurkjouwersorganisaasje VNO-NCW. Ploeg hâldt nei de Steateferkiezings yn maart op mei syn wurk as deputearre.

Ploeg is sûnt 1 jannewaris al twa dagen yn 'e wike foarsitter fan de Bovag, de brânsje-organisaasje foar ûndernimmers yn de autosektor. By VNO-NCW wurdt er algemien bestjoerslid en lid fan it deistich bestjoer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)