Jan Ploeg folget Siem Jansen op

20 aug 2002 - 00:00

Fraksjefoarsitter Jan Ploeg folget definityf Siem Jansen op as deputearre. Dat hat it CDA moandei besletten. Ploeg sil him yn alle gefallen oant de ferkiezings fan takommend jier ta frij meitsje fan 'e taken by syn bedriuw.

Ploeg wurdt ek werskynlik CDA-listlûker by de kommende ferkiezings. Hy nimt alle portefeuilles oer fan Jansen, útsein wetterskipssaken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)