Jan-Jouke Vos wint AVD-cross

31 okt 2009 - 17:21

Hurdrinner Jan-Jouke Vos fan It Hearrenfean is sneontemiddei yn Dwingelo winner wurden fan de AVD-cross, de iepening fan it noardlik fjildrinseizoen. De wedstriid gong oer 9000 meter. Vos wûn yn in tiid fan 35 minuten en 27 sekonden.

Ben Stellingwerf út Onderdendam waard op ien minút en fiif sekonden twadde. Andrea Deelstra, útkommend foar AV Hearrenfean, wûn it by de froulju. De winnende tiid fan Deelstra wie 20 minuten en 35 sekonden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)