Jan Hulzinga fan VV Suameer is earste nominearre assistint

10 feb 2016 - 18:08

Assistint by VV Suameer Jan Hulzinga is de earste offisjele nominearre foar de titel ‘Assistent van het talent’. Dy priis wurdt dit jier foar it earst útrikt op it Sportgala Fryslân en is in inisjatyf fan Omrop Fryslân en de Ljouwerter Krante, yn gearwurking mei Sport Fryslân.

Hulzinga is 74 jier âld en noch hieltyd aktyf yn de fuotbalsport. Hy jout trainingen oan de jeugdalvetallen en koördinearret de jeugdtrainers by fuotbalferiening VV Suameer.

De priis ‘Assistent van het talent’ is bedoeld foar de assistint dy’t der foar soarget dat jong en âld sporte kinne. De kommende dagen wurde de trije nominaasjes bekendmakke by Omrop Fryslân. Jan Hulzinga is de earste nominearre foar de titel. Tongersdei 11 en freed 12 febrewaris wurde de oare twa nominaasjes bekendmakke yn it radioprogramma ‘Weistra op wei’ en op de webside fan Omrop Fryslân. 

Echte sportman

Jan Hulzinga is opjûn troch de âlden fan de jeugd dy’t by VV Suameer spilet. Linda van Houten sjocht dat Hulzinga tige belutsen is by VV Suameer: "Hy is echt in sportman yn ieren en sinen." Omdat Jan al jierren aktyf is by de klup wit hy ek in soad. "Jan hat der aardichheid oan dat hy eartiids de heiten traind hat, doe't sy jeugdlid wienen, en no de bern fan dizze manlju sjocht. As mem krigest dan noch wolris moaie anekdoates te hearren fan Jan." 

Fuotbal is syn libben

Mar fansels giet it foaral om syn ynset foar de klup. Hy jout noch hieltyd training, koördinearret de jeugdtrainers en is behearder fan it materiaal en klean fan de klup. “Jan giet folslein op yn de fuotbalsport, syn hiele libben hinget ôf fan it fuotbaljen."

Wa de titel ‘Assistent van het talent’ wint wurdt op woansdei 17 febrewaris bekendmakke op it Sportgala Fryslân. Omrop Fryslân stjoert it folsleine gala live út op Omrop Fryslân telefyzje, ynternet en de Omrop-app.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)