Jan Giro kremearre yn Goutum

04 des 2005 - 11:26

Under grutte belangstelling is freed Jan Giro kremearre. Jan Giro wie bekend as rock 'n roll-sjonger en benammen -pianist. Jan Giro, ek wol de nachtboargemaster fan Ljouwert, ferstoar 29 novimber. Hy wie al in skoft slim siik.

De wite fleugel fan Giro stie yn it krematoarium, en der waarden nûmers spile fan de rock 'n roll-artyst. Op de kiste lei ûnder oare in krâns fan de band Normaal. Giro is 49 jier wurden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)