Jan Dirk Pesman út Wolvegea is Frysk kampioen foarlêzen

12 apr 2016 - 21:31

Jan Dirk Pesman fan kristlike basisskoalle De Wegwijzer fan Wolvegea is de nije Fryske kampioen foarlêzen wurden. Hy wûn de wedstriid mei it foarlêzen fan in stik út it boek "Het leven van een loser" fan Jeff Kinney.

De sjuery fûn dat hy in rêstige stim hat, noflik om nei te harkjen. Hy naam de seal hielendal mei yn it ferhaal. Der diene 188 bern mei oan de Fryske foarlêswedstriid. Jan Dirk mei no op 25 maaie nei de lanlike finale fan de Nasjonale Foarlêswedstriid yn Amstelveen om dêr Fryslân te fertsjintwurdigjen.

De úteinlik kampioen wurdt bernedirekteur fan it Berneboekemuseum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)