Jan de Jonge nei Heracles

21 jun 2013 - 20:32
  • Jan de Jonge

Jan de Jonge wurdt de nije haadtrener fan Heracles Almelo. Dat hat de klup freed bekend makke. De Jonge wurket op dit stuit as haad opliedingen by Sportklup Hearrenfean, koartlyn ferlingde hy dêr ek noch syn kontrakt. De Jonge giet mei Heracles in ferbyntenis oan foar twa seizoenen. Hy wie earder as haadtrener aktyf by Emmen en De Graafschap, by Hearrenfean wie er in skofke ynterim-haadtrener.

As fuotballer spile er ûnder oare by Germanicus, FC Grins, Emmen en ek by Hearrenfean. De Jonge wurdt moandei offisjeel presintearre by Heracles.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)