Jan de Jonge is derút

01 feb 2010 - 21:08
  • Jan de Jonge tinkt djip nei (foto Marting de Jong)

Sportklup Hearrenfean is moandei op 'e neimiddei al ôfreizge nei Venlo. Dêr moat tiisdeitejûn spile wurde tsjin VVV. De skorste ferdedigers Michel Breuer, Goran Popov en Daryl Janmaat sieten ek yn de bus. Trainer Jan de Jonge, sels ek skorst, woe noch gjin opstelling jaan.

Dochs liket alles dúdlik. Michal Svec wurdt de ferfanger fan Janmaat, Gerry Koning nimt it plak yn fan Popov en Michael Dingsdag spilet op de posysje fan oanfierder Michel Breuer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)