Jan Bruin trainer Burgum

01 jul 2011 - 22:09

Jan Bruin is de nije trainer fan Burgum. Hy is de opfolger fan Sipke Hulshoff dy't foar twa jier nei Gana sil.

Bruin sil syn taken by Burgum, dat útkomt yn de sneins earsteklasse, kombineare mei syn wurk by SC Cambuur. Hy is dêr assistint-trainer fan Alfons Arts en Henk de Jong. Boppedat is Bruin troch Cambuur fêstlein om fan takom seizoen ôf de beloften te trainen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)