Jan Brander wint NK tiidriden

31 aug 2008 - 13:40

Hurdfytser Jan Brander fan Oerterp is snein yn Grins Nederlânsk kampioen tiidriden wurden yn de kategory masters boppe 60 jier. Ek it twadde plak wie foar in Fries. Op in efterstân fan 1,07 minút pakte Rein Oppewal fan Snits it sulver.

Brander waard earder dizze wike al tredde op it wrâldkampioenskip tiidriden yn Eastenryk. De Oerterper is ek hâlder fan it wrâldoererekord yn syn leeftydsklasse op de baan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)