Jan Bos wint yn Súdlaren

24 jul 2008 - 23:00
  • Jan Bos hellet moaie oerwinning

Jan Bos hat tongersdeitejûn it kritearium fan Súdlaren wûn. De hurdfytser fan Nijhoarne ried yn in moaie finale by syn beide konkurrinten wei. Solo kaam hy dêrnei oer de einstreek. De Dútser Christoph Haxsen waard twadde, Rick Fransen (Saasveld) tredde.

Oare Friezen foelen bûten de top tsien. Sierd Steigenga fan Eksmoarre waard alfde, Theo Postma fan Sweagerbosk tolfde en Vincent Huiting fan Beetstersweach fjirtjinde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)