Jan Bos wint yn Mearum

04 jul 2014 - 22:10
  • Jan Bos

Jan Bos hat op de fiifde jûn fan de meardaachse Noordenveld-Westerkwartier taslein. De hurdfytser fan Bontebok siet yn Marum in kopgroep fan sân man, mar naaide yn it lêste rûntsje út. Bos kaam moai solo oer de einstreek. De Dútser Cristoph Haxsen waard twadde, Lars Horring fan Valthe tredde. Ruben Hoekstra en Frank Wierstra, ek yn de kopgroep, waarden sechsde en sânde.

Johan Knol fan Midwolde hâldt syn giele liederstrui, foar Paul de Haan en Coen Rijpma. Sneon om 16.00 oere is de finale yn De Wylp.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)