Jan Bos wint Twizelerheide

23 maaie 2009 - 21:44
  • Jan Bos: winner yn Twizelerheide

Jan Bos hat sneontejûn it kritearium fan Twizelerheide wûn. Yn in machtige lange sprint mei Herman Spijkerman fan Súdhorn wie it ferskil op de einstreek amper te sjen. De hurdfytsers wisten it sels ek net, mar Bos fan Nijhoarne waard troch de sjuery op it earste plak set nei it besjen fan de fideo.

De nûmers ien en twa makken diel út fan in kopgroep fan seis man. Dy groep wie healwei de 90 km ûntstien. Tredde waard Bas de Haan fan Meedhuizen, foar Burgumer Frank Wierstra.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)