Jan Berend Bazuin stoarn

17 okt 2013 - 14:39
  • Jan Berend Bazuin

Op Skiermûntseach is woansdei de eilanner ûndernimmer Jan Berend Bazuin ferstoarn yn 'e âldens fan 70 jier. Hy waard berne yn Grins en ferhuze as 3-jierrich jonkje nei Skier dêr't syn heit winkelman waard. De famylje boude de saak út ta fjouwer hoarekasaken en winkels. Bazuin wie oprjochter fan de no noch besteande Toxbar en eigener fan restaurant Brakzand.

Bazuin wie ek bestjoerlik aktyf. Hy wie tsientallen jierren bestjoerslid fan fuotbalklup De Monnik en de eilanner VVV. Fierders rjochte er in sjantykoar op en wie er trou-amtner.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)