Jan Bargboer foardroegen

04 jun 2010 - 16:29

Jan Bargboer fan Snits is troch it CDA-bestjoer foardroegen as kandidaat-listlûker foar de gemeenteriedsferkiezings yn novimber. De Súdwesthoekegemeenten hawwe fanwege de weryndieling pas letter dit jier ferkiezings.

Bargboer sit sûnt 2002 yn 'e polityk. Hy wie ûnder oare riedslid en wethâlder yn de gemeente Snits. De leden fan de partij moatte noch ynstimme mei de foardracht. Op woansdei 16 juny falt it beslút.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)