Jan Atze Nicolai kandidaat foar foarsitterskip GrienLinks

07 apr 2016 - 16:02
  • Jan Atze Nicolai

Jan Atze Nicolai is foardroegen as kandidaat foar de funksje fan lanlik foarsitter fan GrienLinks. Nicolai is al fjirtjin jier gemeenteriedslid en no fraksjefoarsitter fan PAL/GrienLinks yn de gemeente Ljouwert. GrienLinks hat no in ynterim-foarsitter yn de persoan fan Marjolein Meijer.

It bestjoer bestiet út seis persoanen en dy wurde beneamd foar in perioade fan trije jier. Nicolai is de tredde kandidaat, neist Marjolein Meijer en Frans de Wuffel. De ferkiezing is op 23 april, as de partij syn lanlik kongres hâldt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)