Jan Abrahamse ferstoarn

12 apr 2013 - 10:24
  • Waadseekust Flylân

Ald-haadredakteur Jan Abrahamse fan it tiidskrift Noorderbreedte is tongersdei op 76-jierrige leeftiid ferstoarn. Hy wie ien fan de earste waadrinners en wie belutsen by de oprjochting fan de Waadferiening.

Abrahamse studearre geografy yn Grins en wurke as kartograaf oan de Bosatlas. Yn 2011 makke Jan Abrahamse noch in spesjale útjefte fan Noorderbreedte oer muzyk út it Waadgebiet. Hy is ek de inisjatyfnimmer fan it waadfestival.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)