Jaki Noord oernommen

29 okt 2010 - 16:09
  • De bedriuwsnamme Jaki bliuwt bestean

Betonrenovaasje en isolaasjebedriuw Jaki Noord fan It Hearrenfean wurdt oernommen troch brânsjgenoat Frans Nooren BV. Frans Nooren wol dêrmei de posysje yn it Noarden fersterkje.

De oername hat gjin konsekwinsjes foar it personiel, alle 16 meiwurkers fan Jaki Noord bliuwe yn tsjinst. Mei-inoar hat it bedriuw no 140 meiwurkers. Fanwege de regionale bekendheid bliuwt de namme Jaki Noord yn gebrûk. Frans Nooren hie ek al in ferkeapkantoar yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)