Jagershûs twa wykeinen ticht

11 aug 2010 - 16:01
  • (argyffoto)

Kafee it Jagershûs yn Earnewâld moat de kommende twa wykeinen de doar ticht hâlde. It kafee hie moandeitejûn live muzyk op it terras, wylst der gjin fergunning foar wie. In bradery fierderop hie dat wol.

Doe't it bekend waard dat der muzyk wie by it Jagershûs belle boargemaster Polderman sels mei it kafee om har te warskôgjen. Nei it petear waard de muzyk net útset. De gemeente hat dêrom no besletten dat it kafee foar straf twa wykeinen net iepen mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)