Jagersferiening warskôget foar fokselintwjirm

04 feb 2016 - 15:21
  • Slûpende foks

Foksen yn hiel Nederlân kinne besmet wêze mei de fokselintwjirm. Dat is in parasitêre sykte dêr't ek minsken slim siik fan wurde kinne. De Jagersferiening warskôget syn leden om deade foksen allinnich mei moffen oan oan te reitsjen en gjin deade foksen by oar sketten wyld te lizzen. 

Fokselintwjirm is oant no ta oantroffen by deade foksen yn Flevolân, East-Grinslân en Súd-Limboarch. Dizze sprieding makket it neffens de Jagersferiening oannimlik dat der yn it hiele lân sike foksen omrinne. 

Foksestront

Minsken kinne de sykte oprinne troch it oanreitsjen fan in syk bist of troch it iten fan mei foksestront besmette poddestuollen, griente of fruit. Nei besmetting kin it wol 15 jier duorje foardat de sykte de kop opstekt. Dat begjint mei klachten oan de lever. Yn in letter stadium kin ek gielsucht optrede. Wannear't de lever bot oantaaste is en de pasjint net behannele wurdt, kin dy der sels oan stjerre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)