'Jagers sjitte boarre dea'

25 mrt 2003 - 00:00

In boarre is moandeitenacht yn Bantegea deasketten. De kat is fan de famylje Van Maldegem dy't it bist mei in kûgel yn de kop oantrof. It bist soe troch jagers deasketten wêze om't se tochten dat it in foks wie. Neffens de famylje is it nuver dat jagers har fersind ha.

Jagers fan de wyldbehearsienheid fan De Lemmer ûntkenne dat se de kat sketten hawwe. Se wienen wol oan it jeien, mar soenen net har fergunning op it spul sette om mei sin in kat te deadzjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)