Jagers meie 1.234 reeën ôfsjitte

21 jan 2016 - 18:11

Jagers meie dit jier 1.234 reeën sjitte. Foaral de froulike reeën binne it bokje; de saneamde geiten. Ferline jier binne der foaral bokken sketten. De provinsje jout ûntheffing foar it beheinen fan it tal reeën om ferkearsûngelokken foar te kommen.

Der wiene ferline jier 440 ûngelokken mei reeën, mar neffens sekretaris Robbert de Vries fan Faunabehear Fryslân wurdt net alles melden en binne it der wol mear. Foaral yn it suden fan de provinsje giet it regelmjittich mis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)