Jagers Flylân sjitte foks dea

23 jul 2009 - 10:21
  • De toeristen waarden by de foksejacht weihâlden

Jagers op Flylân hawwe woansdeitejûn de earste foks deasketten. De foks kaam ôf op de lucht fan deade bisten, dy't der troch de jagers dellein wiene. De foks is ien fan 'e bisten dy't troch ûnbekenden útset binne op it eilân. De bisten ferniele fûgelnesten en frette aaien op.

De deade foks is oerdroegen oan de plysje. Dy sil mei DNA-undersyk besykje út te finen wa't de foksen nei Flylân brocht hat. Der wurdt tocht dat der noch mear foksen binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)