Jagers bekeurd by guozzejacht

11 des 2011 - 12:32
  • Guozzen

De plysje hat sneon yn Nij Beets twa jagers bekeurd omdat se de floara- en faunawet skeind hiene. It giet om 48-jierrige ynwenner fan Witteveen en in 40-jierrige út Oterleek. Der wiene klachten kaam oer it brûken fan elektroanyske lokmiddels by de jacht op guozzen.

By Nij Beets fernaam de plysje dat der sketten waard op in paugoes. Dat is in beskerme soart dêr't net op sketten wurde mei. De jagers hawwe proses-ferbaal krigen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)