Jacques Monasch wol net fierder as Twadde Keamerlid PvdA

31 mrt 2016 - 16:49
  • Twadde Keamerlid Jacques Monasch (PvdA)

Twadde Keamerlid Jacques Monasch fan Snits is foar de ferkiezings yn 2017 net langer beskikber foar de PvdA-fraksje. Neffens Monasch binne der te grutte ferskillen fan ynsicht tusken him en de koers dy't de keamerfraksje folget. Hy hat it Gewest Fryslân fan de PvdA no al witte litten dat hy net langer beskikber is, sadat dy op tiid sykje kin nei in opfolger.

Monasch krige in soad krityk op syn oprop by it lêste kongres fan de PvdA oan listlûker Diederik Samsom om him net langer beskikber te stellen. Monasch siet sûnt 2010 yn de Keamer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)