Jacques Monasch: "Diederik Samsom kin de PvdA net rêde"

13 feb 2016 - 07:39
  • Jacques Monasch op it PvdA-kongres yn Amersfoort

PvdA-lieder Diederik Samsom is net de man dy't de partij út it moeras lûke kin. Dat seit PvdA-Twadde Keamerlid Jacques Monasch út Snits sneon yn in ynterview yn de Ljouwerter Krante. Op dit stuit stiet de Partij van de Arbeid yn de peilings mar op tolve sitten.

Monasch fynt de boargemasters fan Rotterdam en Amsterdam bettere kandidaten foar it listlûkerskip. Ahmed Aboutaleb en Eberhard van der Laan soene 'in geskink wêze foar de partij', seit Monasch. Hy hopet dat se harren as boargemasters net 'te grut' fiele om mei te dwaan.

Diederik Samsom seit yn it reaksje dat elts PvdA-lid him útsprekke mei oer it listlûkerskip. Sneon is yn Amersfoort it PvdA-kongres. Yn oktober sil de PvdA stimme oer de listlûker.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)