Jacobi tsjin besunigigingspakt

27 apr 2012 - 13:59
  • Lutz Jacobi

Twadde Keamerlid Lutz Jacobi fynt it folslein terjochte dat de PvdA it pakket oan besunigings net stipet. Fral it op koarte termyn ferheegjen fan de AOW-leeftiid stuitet de partij tsjin de boarst.

D66, GrienLinks, ChristenUnie, VVD en CDA slaggen der tongersdei nei oardel dei yn om 12,3 miljard euro te besunigjen. Dêrmei wurdt de Nederlânske begrutting Europa-proof. Dat is wer belangryk foar de saneamde triple A-status fan Nederlân yn Europa. In driigjende boete fan oardel miljard euro fan de Europeeske Uny liket no fan de baan.

Der wie tongersdei in soad krityk op de PvdA en op PvdA-lieder Samsom, omdat de PvdA net meidien hat oan it begruttingsakkoart. Jacobi stiet folslein achter dat beslút.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)