Jacobi skrikt fan ferhalen

09 jun 2013 - 17:09
  • Ferûntrêste supporters SC Hearrenfean byinoar
  • It aksjekomitee sprekt de seal ta

Je skrikke je kapot as je de ferhalen hearre. Dat sei Lutz Jacobi snein op It Hearrenfean op de gearkomste fan ferûntrêste supporters en sponsors fan SC Hearrenfean. Twadde Keamerlid Jacobi sit yn de klachtekommisje dy't de ûnrêst by de klup ûndersykje moat. Se sei foar de mikrofoan dat tsientallen personielsleden by har west hawwe om te praten.

Neffens Jacobi doarre de personielslededen gjin krityk mear te hawwen. Se binne benaud dat se de folgjende binne dy't derút fljocht. De gearkomste luts sawat tûzen besikers.

It aksjekomitee jout it stichtingsbestjoer - eigener fan SC Hearrenfean - oant freed de tiid om op te hâlden mei it ûndersyk fan Paul Nobelen nei de ûnrêst. Se wolle dat it bestjoer yn see giet mei it foarstel fan boargemaster Van der Zwan fan Hearrenfean. Dy fynt dat der in kommisje komme moat mei dêryn ien persoan fan de gemeente, ien fan de klup en ien fan it aksjekomitee. Dy moatte dan ta in binende konklúzje komme. As it bestjoer it foarstel fan it aksjekomitee net oannimt, giet it komitee fierder mei aksjefieren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)