Jacobi fynt Facebook-aksje fan minister Asscher 'stoer'

10 feb 2016 - 22:48
  • Lutz Jacobi

'Do kinst it best mei de persoan sels yn petear gean'. Dat seit keamerlid Lutz Jacobi oer it feit dat se geregeld lêst hat fan online skellers en bedragers. Se seit dit yn reaksje op it berjocht dat minister Lodewijk Asscher tiisdei op Facebook pleatste. Asscher liet hjiryn op ludike wize sjen hoe bot oft er soms útskolden en bedrage wurdt. Se fûn dit in 'stoere aksje' fan Asscher.

Sels beäntwurdet Jacobi geregeld agressive mailtsjes en leit dan út dat skelle neat jout. 

Yn petear

Se nûget de stjoerder dan ek út om in kopke kofje mei har te drinken. Dit wurket hast altyd: of der komt gjin reaksje mear of der komt in persoanlik petear wêrtroch se begryp foar inoar krije. Jacobi seit dat sa'n 30 fan de 200 mails dy't se deis kriget, besteane út skelwurden of bedrigingen. Fierder kriget se ek op Twitter geregeld bedrigingen of wurden as folksferlakker en oplichter nei de holle. Se hat oant no ta fiif kear berjochten melde moatten oan it team cybercrime fan de plysje.

Oaljefantshûd

Paul Mazel, dy't advokaat Intellektueel Eigendom is, advisearret de measte minsken dy mei klachten oer online skelle by him komme om it gewoan gean te litten. 'Je komt er vaak erg moeilijk achter wie er achter bijvoorbeeld TonySoprano272 zit. Dat kost al handen vol geld,' seit Mazel. En dan moatst de saak noch sjen te winnen: it is de fraach oft dat it wurdich is, seit de advokaat. It wurdt oars as in persoan mei de dea bedrige wurdt. Dan riedt Mazel wol oan om oanjefte te dwaan. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)